Omrin: 20 % mear ôffal nei REC

15 maaie 2013 - 10:48

Omrin wol 20 persint mear ôffal ferbaarne yn de ôffalsintrale REC yn Harns. Neffens Monique de Jong fan Omrin is de útwreiding fan 228.000 oant 280.000 ton ôffal nedich om likefolle enerzjy te produsearjen. Dat komt omdat it ôffal hieltiid better skieden wurdt. It ferbaarnen smyt dêrtroch minder enerzjy op.

Omrin wol de 52.000 ton ekstra ôffal oernimme fan oare Nederlânske ôffalbedriuwen. De fergunningoanfraach foar it ekstra ôffal leit no by de provinsje. Omrin tinkt net dat dy oanfraach problemen opsmite sil.

De útstjit fan de REC sil, ek by it ferbaarnen fan mear ôffal, frijwol gelyk bliuwe, tinkt Monique de Jong. Wol sille der mear frachtauto's ôffal nei de REC bringe.

Trefwurden: 
REC Harns ôffal Omrin
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)