Trofee foar Epke Zonderland

15 maaie 2013 - 09:45

Epke Zonderland is útroppen ta meast foarbyldige sporter fan de Olympyske Spelen yn Londen. Hy hat dêrfoar de Pahud de Mortanges Trofee krigen fan it NOC*NSF.

Epke Zonderland is de opfolger fan snowboardster Nicolien Sauerbreij, dy't de earepriis yn 2010 krige. Sûnt de Spelen fan 1972 wurdt de trofee útrikt, op advys fan de sjef de mission. Yn it gefal fan Zonderland wie dat Maurits Hendriks. De priis is neamd nei ruter Charles Pahud de Montanges, oant 2004 de meast súksesfolle Nederlânske dielnimmer oan de Olympyske Spelen.

Trefwurden: 
Epke Zonderland trofee
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)