Scooterrider oanriden

By it ûngelok wie drank yn it spul, sa seit de plysje. © Anton Kappers
In 22-jierrige scooterbestjoerder is tiisdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn Hurdegaryp. Op in krusing kaam de scooterrider yn botsing mei in auto, dy't him gjin foarrang joech. De auto waard bestjoerd troch in frou fan 54 jier. By plysjekontrôle die bliken dat se alkohol hân hie. De plysje hat har rydbewiis ynnommen.
Ambulânsepersoniel hat de scooterrider holpen oan syn ferwûnings.