Undersyk nei RfK Caparis

14 maaie 2013 - 23:24

In haastberied fan de gemeente Smellingerlân hat foarearst gjin dúdlikheid brocht oer de posysje fan de ried fan kommissarissen fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis. In moasje fan D66, SP en GrienLinks foar it opstappen fan de kommissarissen is net oannaam. Der wiene 14 stimmen foar en 14 tsjin.

Nije wike tiisdei wurdt der fierder praat. Wol komt der in ûndersyk nei it hanneljen fan de kommissarissen. Derút moat bliken dwaan oft dy goed tafersjoch hâlden ha op âld-direkteur Wilko de Vreeze. Dy stapte ein april op.

Trefwurden: 
Caparis Smellingerlân ried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)