Leden stypje Friesch Dagblad

14 maaie 2013 - 22:17

De leden fan de Vereniging It Friesch Dagblad gean unanym akkoart mei de foarstellen fan it bestjoer en de direksje om de krante út de swierrichheden te heljen. Dat die tiisdei bliken nei in gearkomste yn de Iepen Hof yn Ljouwert.

It Friesch Dagblad sit yn swier waar. Oan de ein fan de moanne is de ponge leech en dus moat der driuwend jild op it kleed komme. Gearwurking mei in oare krante en in lede-aksje moatte de útwei biede. Welke krante dat is, dêr docht it bestjoer gjin útspraak oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)