Provinsje: mear nije pleatsen

14 maaie 2013 - 20:24

De provinsje wol de kommende jierren mear boeren oertsjûgje om by de bou fan nije stâlen de 'Nije Pleats-metoade' ta te passen. Doel dêrfan is grutte agraryske gebouwen ynpasber te meitsjen yn it Fryske lânskip. Yn de measte gefallen giet it om útwreiding fan melkfeehâlderijen.

De ôfrûne jierren hawwe der 55 útwreidingsprojekten west wêrby de Nije Pleats-metoade tapast is. It ôfrûne jier is it projekt oergien nei de Fryske gemeenten. Foar de provinsje reden om in rapport op te stellen mei saken dy't better kinne en al goed geane.

Trefwurden: 
provinsje Nije Pleats
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)