Learwurkbanen by provinsje

14 maaie 2013 - 19:56

De provinsje Fryslân jout de kommende trije jier yn totaal 45 mbo-learlingen in learwurkbaan. De earste fyftjin kinne nei de simmer tsjin in fergoeding oan de slach as ûnderhâldsman, brêgewipper of kantonnier.

Doel fan it mbo-projekt is de jeugdwurkleazens yn Fryslân tsjin te gean. Troch ien jier lang wurkûnderfining by de provinsje op te dwaan wurdt de kâns op in baan foar leech opliede jongeren grutter. It projekt kostet goed twa miljoen euro.

Trefwurden: 
provinsje learwurkbanen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)