Lilkens om ljocht by fytspaad

Gemeentebelangen Achtkarspelen is lilk dat de gemeente sûnder oerlis LED-ferljochting oanlein hat by in nij rekreatyf fytspaad njonken de Feartswâl. Neffens de fraksje is der mear ferlet fan ferljochting by it drokke fytspaad tusken Surhústerfean en De Harkema, mar de gemeente jout hieltyd oan dat dêr gjin jild foar is. It stekt de fraksje dat der foar in fytspaad dat jûns net brûkt wurdt, wol jild is foar ferljochting. De fraksje neamt dat 'onbehoorlijk' fan de gemeente en hat dêrom fragen steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.