O'Hanlon komt nei Natuermuseum

De Britske skriuwer Redmond O'Hanlon komt nei Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert. Hy jout tegearre mei reisskriuwer Alexander Reeuwijk in lêzing. O'Hanlon foer yn 2009 mei op de Beagle om de histoaryske reis fan Charles Darwin oer te dwaan. Fierder is O'Hanlon benammen bekend fan syn reisferhalen. Hy kin ek op in humoristyske wize fertelle.
Op snein 15 jannewaris is hy te hearren op it earste UCF wittenskipskafee yn it Natuermuseum Fryslân.