Himpkweker bedriget manlju

© Omrop Fryslân
Twa skjinmakkers fan in bedriuw út Drylts binne tiisdei yn Wâldsein mei de dea bedrige. In man (27) fan Wâldsein en in Dedzjumer (56) binne hjirfoar troch de plysje oanhâlden. De skjinmakkers hiene opdracht krigen fan wenningbouferiening Elkien om de wente te ûntromjen. It hierkontrakt fan 'e bewenner wie opsein omdat fan 't simmer in himpkwekerij yn it hûs ûntdutsen wie. Doe't de skjinmakkers mei har wurk dwaande wiene, kaam de bewenner mei de man út Dedzjum yn in auto oanriden.
Se woene de meiwurkers te liif mei in grutte hammer en in izeren staaf.
Uteinlik binne de ruten fan de wenning ynslein. De manlju binne oppakt en sitte noch fêst. De skjinmakkers meitsje it nei omstannichheden goed.