Plysje hâldt oplichter oan

© Omrop Fryslân
In man (18) fan It Hearrenfean is oanhâlden op fertinking fan oplichting. Yn july die hy by de plysje oanjefte fan wenningynbraak. Dêrby soe muzyk en lûdsapparatuer stellen wêze. Ek melde hy dit by syn fersekeringsmaatskippij. Hy krige in skeabedrach útkeard.
Plysjes tochten al dat de saak net doogde. Nei ûndersyk die bliken dat it guod net stellen wie, mar op in oar plak ûnderbrocht wie. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke. De fersekeringsmaatskippij hat oanjefte dien tsjin de Hearrenfeanster.