Toskedokters nei bûtenlân

03 jan 2012 - 20:55

Ein dizze moanne giet in team fan 14 toskedokters en mondhygeniënisten, werfan de helte út Fryslân, nei de Dominikaanske Republyk om bern mei gebitsproblemen te helpen. Se dogge dat frijwillich foar de stichting Bocas Sanas, wat sûne mûlen betsjut. Alders yn it lân kinne meastentiids de toskedokter net betelje. Boppedat poetse de bern net goed en ha se in soad gatsjes.

It team fan Nederlânske toskedokters sil twa wiken lang foaral foarljochting jaan op skoallen. Bygelyks troch it jaan fan poetsles. Ek wurde bern mei gebitsproblemen behannele.

Trefwurden: 
toskedokter Bocas Sanas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)