Hynders út tinten helle om wyn

03 jan 2012 - 19:49

De organisaasje fan it grutte hynste-evenemint Internationaal Concours Noord-Nederland yn Drachten hat tiisdei tsientallen hynders evakueard. De bisten stiene yn twa tinten bûten it hynstesintrum. Omdat de wyn flink oanhelle, krigen de eigeners it advys om de hynders binnen yn de stâl te setten.

Nei in oere koene de bisten wer werom yn de tinte. Foar de kommende dagen wurde gjin problemen ferwachte. Tongersdei komme de dressuerhynders yn aksje, dizze hynders steane binnen op stâl.

Trefwurden: 
hynders stoarm konkoers tinten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)