Nij: Zorgpartners Friesland

03 jan 2012 - 16:57

De Tjongerschans, it MCL en zorggroep Noorderbreedte gean fierder ûnder de namme Zorgpartners Friesland. Dat hat direkteur Wander Blaauw tiisdeitemiddei bekend makke op de nijjiersresepsje.

De trije organisaasjes binne op 1 jannewaris 2012 fuseard. De fúzje betsjut net dat der banen ferdwine, mar feroarings en ferskowings sitte der wol oan te kommen. De ûndernimmingsried hat dêr gjin problemen mei.

(advertinsje)