Steuring Smellingerlân wer oer

De kompjûtersteuring by de gemeente Smellingerlân wie tiisdeitemiddei foar it grutste part wer foarbij. Hast alle kompjûterprogramma's fan de gemeente ha der lêst fan hân. Sa koenen de amtners net by de gegevens dy't nedich binne om rydbewizen, paspoarten of ID-kaarten te meitsjen. Minsken dy't dêrfoar kamen, moasten weromstjoerd wurde. Bou-oanfragen en oare fergunnings koenen net rieplachte wurde. Moandei hie de gemeente ek al kompjûterproblemen, mar dy liken tiisdei oplost.
De gemeente wit noch net wat de oarsaak west hat fan de problemen.