Provinsje: gjin supergemeente

© Omrop Fryslân
In weryndieling fan Ljouwerteradiel mei gemeenten lykas Harns, Frentsjerteradiel, Menameradiel, It Bilt en Littenseradiel past net yn it plaatsje dat de provinsje foar eagen stiet. Yn de fyzje dy't de provinsje op papier setten hat, moat Ljouwerteradiel fusearje mei Ljouwert. Dat seit deputearre Tineke Schokker yn reaksje op útspraken fan boargemaster Boertjens fan Ljouwerteradiel.
Boertjens kiest foar in gruttere plattelânsgemeente yn stee fan in fúzje mei Ljouwert.
Gemeenten ha noch oant 1 april de kâns te reagearjen op de fyzje fan deputearre steaten op de Fryske weryndielings. Mar de kâns dat se by de provinsje fan gedachten feroarje, liket noch lyts.