Ynbraken yn Opsporing Verzocht

03 jan 2012 - 11:21

It programma Opsporing Verzocht lit tiisdeitejûn bylden sjen dy't in bewakingskamera makke hat fan in ynbraak yn Noardwâlde. Yn de nacht fan 13 op 14 desimber waard fia it dak ynbrutsen yn in supermerk oan de Yndustriewei yn Noardwâlde. Te sjen is hoe't de ynbrekker fia in stelling nei ûnderen klimt en oer de flier krûpt om de befeiligingsdetektoaren te ûntwiken. Uteinlik waard in tal kassaladen meinommen dy't letter weromfûn binne.

It lêste healjier is goed 30 kear fia it dak ynbrutsen by winkels yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)