Friezen somber oer ekonomy

03 jan 2012 - 10:49

Friezen binne somber oer de ekonomyske sitewaasje fan Nederlân yn it kommende healjier. Ut in enkête fan it opinypanel fan Omrop Fryslân en Eenvandaag docht bliken dat hast 60% fan de Friezen ferwachtet dat de ekonomy it kommende healjier achterút giet. Mar 4% fan de Friezen ferwachtet dat it better gean sil. Ut de enkête docht fierder bliken dat 60% fan de Friezen har grutte soargen makket oer de Eurokrisis.

Tritich persint tinkt dat it wol tafalle sil. Oan de enkête fan it opinypanel fan Omrop Fryslân en Eenvandaag hawwe 965 Friezen meidien.

Trefwurden: 
ekonomy EenVandaag enkête
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)