Woudagemaal op folle toeren

03 jan 2012 - 10:44

It monumintale Woudagemaal op De Lemmer is sûnt moandeitejûn op folle sterkte oan it wurk om de Fryske boezem wer op normaal nivo te krijen. Alle fjouwer pompen fan it gemaal binne oansetten. Dat wie foar it earst sûnt in pear jier. Op dit stuit wurdt der 4500 kubike meter wetter per minút fuortmeald. Mei dy snelheid kin de Snitsermar yn twa dagen leechmeald wurde.

De ferwachting is dat it gemaal oant en mei dit wykein wurkjen bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)