Dykbewaking op tongersdei

03 jan 2012 - 10:03

Wetterskip Fryslân stelt kommende tongersdei mooglik dykbewaking yn, omdat de wyn dan nei it noardwesten draait. It waait tiisdei en woansdei ek al hurd, mar by súdwestewyn giet it peil yn de Waadsee net bot omheech. Tongersdei draait de wyn nei it noardwesten en dat soarget wol foar heech wetter.

Yn de Fryske boezem is it wetter op dit stuit 14 sintimeter heger as normaal.

Sawol it Hooglandgemaal yn Starum as it Woudagemaal op De Lemmer draaie op folle toeren. Fierder ferwachtet it Wetterskip dat der noch wetter loasd wurde kin op de Waadsee troch de slûzen by Lauwerseach. Yn in oantal polders stiet it wetter yntusken wol flink heech, mar foar grutte problemen soarget dat net. Ynspeksjes fan de kaden binne pas nedich as it wetter noch 8 sintimeter heger komt. Tiisdeitemiddei wurdt de sitewaasje opnij besjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)