Nije Fryske supergemeente

Der wurdt wurke oan in twadde hiele grutte gemeente fan mear as 70.000 bewenners yn Fryslân. De nije gemeente NWF bestiet út Harns, Frjentsjerteradiel, Menameradiel, It Bilt, Littenseradiel en Ljouwerteradiel. Fertsjintwurdigers fan 'e gemeenten sille ynkoarten om tafel om de saak troch te praten. Neffens boargemaster Boertjens fan Ljouwerteradiel is sa'n grutte plattelânsgemeente in goede opsje. Alles is better as in fúzje mei Ljouwert.
De fraach is lykwols hoe't de provinsje tsjin sa'n grutte fúzje oansjocht, want dy wol dat Ljouwerteradiel by Ljouwert komt