Taalpriis foar krante Wommels

De doarpskrante Diggelfjoer fan Wommels hat de priis 'Bêste Frysktalige doarpsjoernalistyk 2011' wûn mei in artikel fan Joop Bootsma út Wommels. Hy skreau in ferslach oer it Greidhoekefestival. It bestjoer krige de priis fan 500 euro út hannen fan boargemaster Liemburg op de nijjiersresepsje.
Acht kranten hienen 86 artikels ynstjoerd dêr't in kommisje in kar út meitsje moast. Neffens de sjuery wie it winnende artikel yn geef Frysk skreaun, wie der sprake fan nijs en it wie spannend om te lêzen. Doel fan de priis is om mear minsken te motivearjen Frysk te praten en te skriuwen.