Littenseradiel staakt striid

02 jan 2012 - 17:47

De gemeente Littenseradiel hat de hope opjûn dat se selsstannich bliuwe kin. Boargemaster Liemburg hat dat moandei yn har nijjierstaspraak sein. Neffens har is der gjin wei werom yn it proses fan de weryndielings. As Littenseardiel ynfloed op de eigen takomst hawwe wol, sille se in stap sette moatte, sa sei Liemburg.

De provinsje hat yn har weryndielingsadvys skreaun dat Littenseradiel ferdield wurde moat oer in tal oare gemeenten. Littenseradiel hat oant no ta hieltyd sein dat se selsstannich bliuwe woe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)