Triemster kanon ynternethit

02 jan 2012 - 14:51

Efterôf kinne se der foaral om laitsje op De Trieme. In fjoerwurkkanon soarge dêr âldjiersdei foar in enoarme knal. Fiif ruten fan de famylje Zuidersma sneuvelen dertroch. Unbedoeld is it filmpke fan it kanon in grutte hit op ynternet. It is al mear as 100.000 kear besjoen en de bylden hellen ek noch it NOS sjoernaal.

Neffens tradysje kaam in soad folk út de Wâlden op de lêste dei fan it jier by de Zuidersma's op it hiem om te karbidsjitten. Dat barde ek mei in grut kanon mei in LPG-ynstallaasje en soerstof. Bliken die dat dy wat te ticht by it hûs opsteld stie.

Op De Trieme ferwachtsje se net dat de stunt mei fjoerwurk fierdere konsekwinsjes ha sil. De ruten binne moandei opmetten en wurde ynkoarten ferfongen troch dûbel glês.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)