Minder fjoerwurkslachtoffers

(fotofoarbyld)
Dizze jierwiksel binne 34 fjoerwurkslachtoffers yn it sikehús behannele. Dat is hast de helte minder as ferline jier doe't 59 minsken nei it sikehús moasten. Trettjin minsken waarden binnenbrocht by de Earste Help, 21 melden har by de dokterswacht. De measte minsken hiene ferwûnings oan de hannen troch it ôfstekken fan fjoerwurk. Twa slachtoffers wiene slim ferwûne en moasten opnommen wurde yn it MCL.
Yn de Sionsberg waard in persoan mei in brutsen pols behannele, hy hie it lid fan de karbidbus der tsjinoan krigen.
Yn de Tjongerskâns op It Fean hawwe se dit jier gjin fjoerwurkslachtoffers binnen krigen. Der wiene dit jier gjin minsken dy't eachletsel oprûn hawwe troch fjoerwurk.