Itensiede as kultureel erfgoed

02 jan 2012 - 12:51

Unesco makket dit jier in spesjale list mei tradisjonele wizen om iten te bewarjen. Dy list sil gearstald wurde troch Caroline Verhoeven út Haulerwyk. Oer de hiele wrâld binne âlde metoaden fan konservearjen, mar dy wurde net mear trochjûn oan de folgjende generaasje. Der driget dêrom in soad kultuer en ynformaasje ferlern te gean.

Verhoeven sil foar Unesco ferskate lannen besykje en fierder sil se in boek skriuwe oer konservearjen. De bedoeling is dat de earste saken ein 2012 op de erfgoedlist komme.

Trefwurden: 
Unesco kultureel erfgoed
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)