Ynbraak fakânsjehûs De Lemmer

02 jan 2012 - 10:47

Yn in fakânsjewenning op 'e Lemmer is besocht brân te meitsjen. Tsjûgen hienen sjoen dat der reek kaam út in bungalow oan de Plattedyk. De brânwacht moast in doar forsearje om de wenning yn te kommen.

Der wie ynbrutsen en der hong in sterke geur fan brânbere floeistof. De plysje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
ynbraak
(advertinsje)