Twitterje oer kontenerdeksels

02 jan 2012 - 10:41

De gemeente Skarsterlân sil dizze winter tweets stjoere om minsken te warskôgjen foar froast. Se dogge dat om it oantal fêstferzen kontenerdeksels werom te bringen.

Alle jierren binne der yn de winter wer tsientallen konteners dy't tichtfrieze. Meiwurkers fan de gemeente kinne de konteners dan net leegje. Om dat no foar te kommen sil der twittere wurde.

Trefwurden: 
kontenerdeksel twitterje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)