Soad wetterskea by Blomketerp

02 jan 2012 - 09:41

De bowlingbaan en in seal fan rekreaasjesintrum Blomketerp hawwe flinke skea oprûn troch it wetter fan ôfrûne nacht. De kelder ûnder it rekreaasjegebou strûpte ûnder en dêrtroch kaam in flinke laach wetter yn de seal en by de bowlingbaan. Neffens de eigner wie der in ferstopping yn it gemeenterioel en dêrtroch koe it wetter net fuort.

In skjinmakbedriuw hat de hiele nacht wetter fuortpompt, dêrtroch koene de bowlingbanen sels rêden wurde. Wol moatte alle flieren en flierbedekking derút. De skea rint yn de tsientûzenen euro's.

Trefwurden: 
Blomketerp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)