Dútske froulju mei pepperspray

Pepperspray
Twa Dútske froulju fan 17 en 19 jier binne yn de âldjiersnacht oanholden op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert omdat se pepperspray by har hiene. It duo wie ûnderweis nei it ôftelfeest by de Aldehou.
By de kontrôle by de yngong fan it eveneminteterrein, waard de pepperspray oantroffen by de froulju. Se moasten mei nei it buro. De pepperspray is yn beslach naam.