Mannen triuwe minsken yn grêft

Tsjinstwapen plysje © ANP XTRA
Twa Ljouwerters fan 23 en 26 jier en in man út Assen fan 39 binne nijjiersdei betiid oanholden op de Voorstreek yn Ljouwert. Sy hiene meardere foarbygongers sûnder oanlieding yn de grêft treaun. Dêrnei smieten se stiennen en fytsen nei de minsken dy't yn it wetter stiene. Ien fan de trije sprong it wetter yn om in slachtoffer ûnder wetter te triuwen.
Omstanners hiene yntusken de plysje warskôge. Dy hat it trio fêstset op it buro.