Feanster bedriget brânwachtman

© Omrop Fryslân
In 28-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is âldjiersnacht oanholden om't er in brânwachtman bedrige hie. Earder dy nacht moasten de brânwacht en de plysje nei de Compagnonstrjitte op De Gordyk foar in brantsje by in supermerk. De Feanster hie dêr in nijjiersfjoer makke. De helpferlieners makken him dúdlik dat dat earne oars moast.
Letter wie der op 'e nij brân en by it blussen waard de brânwacht lestich fallen. De Feanster bedrige in brânwachtman mei in stikkene bierflesse. De plysje hat him meinaam nei it buro.