Jistrum ferfangt buorden

01 jan 2012 - 12:58

In nijjiersstunt ek yn Jistrum dit jier. Ynwenners dêr hawwe op in grut tal plakken yn Fryslân de plaknammebuorden ferfongen troch buorden mei de tekst: Hebeca. Dat is in ferwizing nei in grut teaterstik dat dit jier opfierd wurde sil oan de Burgumermar, by Jistrum. It giet oer in plakje yn Ruslân, mei de namme Hebeca.

Earder woene jongeren út Jistrum op in tal plakken strjitnammebuorden stelle, mar de plysje koe dêr in stokje foar strike.

Trefwurden: 
Jistrum Hebeca
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)