Miljoenen nei technykûnderwiis

14 maaie 2013 - 12:44

Kabinet, wurkjouwers en wurknimmers hawwe ôfspraken makke oer it stimulearjen en ferbetterjen fan technykûnderwiis. Mei-inoar sil der in pear hûndert miljoen yn ynvestearre wurde.

It doel is dat folle mear jongeren foar in technyske oplieding kieze. Dat is hurd nedich, want foar bedriuwen is it faak lestich om minsken te finen foar fakatueres yn de technyk. Dat jildt ek foar it bedriuw BD Kiestra yn Drachten. Dit bedriuw groeide yn ien jier tiid fan 100 nei mear as 200 meiwurkers, mar kin ek foar guon fakatueres mar lestich minsken fine.

Kiestra wol de kommende tiid geliedelik fierder útwreidzje. Ek tiisdei wiene der wer sollisitaasjepetearen foar ferskate technyske fakatueres. It bedriuw soe ek graach mear froulike meiwurkers hawwe wolle. Kiestra is spesjalisearre yn automatisearre laboratoriumsystemen foar medyske laboratoria en sikehuzen, dy't yn Drachten ûntwikkele en boud wurde. It bedriuw fynt it technykpakt wichtich om ek yn 'e takomst goeie meiwurkers oanlûke te kinnen. Kiestra noeget ek geregeld groepen learlingen út om har sjen te litten wat se dogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)