Leve Boerenliefde yn premjêre

14 maaie 2013 - 02:06

It wie dringe moandei op de griene loper yn Amsterdam, foar de offisjele premjêre fan de nije film fan Steven de Jong: Leve Boerenliefde. Alle haadrolspilers wiene oanwêzich: Cas Jansen, Waldemar Torenstra en Tatum Dagelet.

Leve Boerenliefde giet oer boer Jelte dy't rûzje hat mei in tillevyzjeprogramma dat njonken syn pleats opnaam wurdt. Underwilens bloeit der lykwols wat moais op tusken him en de presintatrise. De film is foar in grut part yn Fryslân opnaam. Sa binne der ûnder oare opnames makke by it âlde stedhûs fan Boalsert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)