NOM makket wer winst

De Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij (NOM) hat yn 2012 wer winst makke. It jier waard ôfsletten mei in posityf resultaat fan 4,2 miljoen euro. Yn 2011 waard goed 1,3 miljoen ferlies makke. Neffens it ynvestearringsbedriuw bliuwt de ekonomyske situaasje soarchlik. De minne tiden troffen ek de eigen organisaasje. Fanwege besuniging by de oerheid ferlearen in tal minsken harren baan.
Yn hiel 2012 waard 2,9 miljoen euro ynvestearre yn ferskate bedriuwen en projekten. Dat wie minder as hope.