Jonges ferwûne troch fjoerwurk

01 jan 2012 - 10:47

Twa jonges fan 13 jier út Hurdegaryp binne âldjiersdei ferwûne rekke by it ôfstekken fan fjoerwurk. Op strjitte fûnen se in stik swier fjoerwurk dat net ôfgien wie. Omdat der gjin lontsje oan siet, besocht ien fan de jonges it mei in rotsje oan te stekken. It fjoerwurk ûntplofte yn syn hân. De jonge rekke swierferwûne oan syn hân en in each.

De oare jonge krige in part fan it rotsje yn syn búk. Dat gie by de ûntploffing troch syn klean hinne. Beide slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

By de Dokterswacht hawwe har sirka 21 minsken mei lichte fjoerwurkferwûnings meld. Op de ôfdieling spoedeaskjende help fan de fiif Fryske sikehuzen binne trettjin fjoerwurkslachtoffers behannele.

Trefwurden: 
Hurdegaryp fjoerwurk ferwûne
(advertinsje)