Nije oanfraach Kika-motorfeest

13 maaie 2013 - 17:22

De organisaasje fan it Kika-motorfestival besiket it evenemint yn in lytsere foarm trochgean te litten. Doel wie op 25 maaie mei 3500 motoren fan strân Horst nei de drafbaan yn Wolvegea te riden. Dêr waarden noch 1500 besikers ferwachte. It evenemint moast jild opbringe foar it fûns Kika. De gemeente joech gjin fergunning omdat de oanfraach op 41 punten net foldie.

Neffens organisator Ingo Kehe is de gemeente bang foar Project X-achtige tastannen. Kehe begrypt neat fan dy ôfwizing. Hy hat in nije oanfraach dien foar in lytsskaliger opset.

De gemeente sil dy mei foarrang beoardielje, sa is ôfpraat. Nei alle gedachten wurdt tiisdei dan dúdlik oft it Kika-motorfestival wol of net wolkom is yn Wolvegea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)