Olympyske ringen yn Berkeap
De stellen ringen fan it Olympysk Stadion dûkten op yn Aldeberkeap. Aldjiersploech De Geitefok wol de Olympyske Spullen fan 2028 nei it doarp helje. De Olympyske ringen waarden in wike lyn fan it Olympysk Stadion yn Amsterdam helle.
Neffens De Geitefok is it Olympysk Stadion yn Amsterdam net mear fan dizze tiid en is it nij te bouwen multyfunksjoneel sintrum yn Aldberkeap in folle bettere lokaasje.
De âldjiersstunt fan Vesuvius yn Elslo mislearre dit jier.