Nep-kollektanten oanhâlden

13 maaie 2013 - 12:21

Twa jonges binne sneintemiddei op De Lemmer oanhâlden foar oplichting. It duo, in 16-jierrige Snitser en in 17-jierrige jonge út Gaasterlân-Sleat, wie oan it kollektearjen yn de Gerben Bootsmastrjitte. Bewenners fertrouden de saak net en warskôgen de plysje.

De plysje spruts de jonges op de Seedyk oan. Se joegen earst in falske namme op, mar dêr trape de plysje net ien. It duo is oanhâlden.

Trefwurden: 
De Lemmer oplichting kollekte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)