Keet Broeksterwâld ticht

13 maaie 2013 - 11:33

De jongereinkeet It Hunnehok oan de Hegewâl yn Broeksterwâld moat de doarren slute. Eigener Douwe Versteeg, by wa't de keet op it hiem stiet, hat hjiroer in brief fan de gemeente Dantumadiel krigen. Neffens Versteeg draait de keet no sa'n oardel jier ta grutte tefredenheid fan de jongerein, dy't hjir in noflik moetingsplak fûn hat.

De gemeente hat ta sluting besletten nei klachten fan omwenners. Boppedat is konstatearre dat yn de keet alkohol skonken wurdt wylst dêrfoar net de nedige fergunnings oanwêzich binne.

Neffens Versteeg komme de klachten mar fan ien buorfrou, dy't al dwers leit sûnt de keet iepen is. Hy seit dat der fierder gjin klachten by him binnenkommen binne. Hy fynt it dêrom spitich dat de gemeente no dochs de keet ticht hawwe wol.

Trefwurden: 
Broeksterwâld keet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)