Fytster ferwûne by ûngelok

13 maaie 2013 - 10:54

In 21-jierrige fytster út Makkum is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Meerswal. Se waard rekke troch in auto dy't har ynhelle. De fytster kaam hurd te fallen. De 32-jierrige bestjoerder út Snits hie noch toetere om de frou te warskôgjen.

It slachtoffer hat dat nei alle gedachten net heard om't se eardopkes yn hie om nei muzyk te harkjen.

Trefwurden: 
Makkum ferwûne fytster
(advertinsje)