SWS ûnderút tsjin Achilles '29

12 maaie 2013 - 16:33

Snits Wyt Swart Boso Snits hat de lêste wedstriid yn de topklasse snein ôfsluten mei in 3-1 ferlies tsjin kampioen Achilles '29. Op eigen fjild kamen de Snitsers nei goed 20 minuten spyljen op foarsprong troch in treffer fan Cees Smaal. Fiif minuten letter stie lykwols de Groesbeekse lykmakker op it boerd.

Nei rêst kaam Achilles '29 op foarsprong doe't Snits ferdigener Michael Grendel de bal yn eigen doel wurke. Yn de slotminuten tekene de kampioen út Groesbeek foar de einstân. Takom jier spylje de Snitsers yn de haadklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)