Van der Veen pakt winst Penjum

12 maaie 2013 - 15:57
Keatsen - Foto: Aise van Beets, Omrop Fryslân

Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra hawwe snein de haadklasse keatspartij foar froulju yn Penjum op harren namme skreaun. Yn de finale wûn it trijetal mei 5-2 en 6-4 fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra.

De lytse preemje wie foar Marije Hiemstra, Imke van der Leest en Bianca van der Veen, dy't mei 5-3 en 6-6 te sterk wiene foar Nynke Sijbrandij, Maaike Osinga en Wiljo Sijbrandij.

Yn de heale finale wie Van der Veen mei 5-2 en 6-0 te sterk foar it partoer fan Sijbrandij. It partoer fan Wagenaar wûn yn de twadde heale finale mei 5-1 en 6-2 fan Hiemstra cs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)