Fochtoerlêst huzen Easterwâlde

12 maaie 2013 - 14:59

De ynwenners fan de 22 nije hierhuzen oan de Wrongel yn Easterwâlde wegerje in hierferheging fan 4 persint te beteljen, omdat de wenningstifting Actium al twa jier neat docht oan it wetter en it focht yn de huzen. Yn in brief easkje de bewenners no gau ferbettering.

De huzen binne boud op it plak dêr't earder molkfabryk De ZuidOostHoek stie, mar al sûnt it begjin binne der slimme problemen mei it reinwetter dat net fuort wol. Actium hat yngenieursburo Oranjewoud ynskeakele om de problemen op te lossen.

Mooglik moat in âlde sleat iepengroeven wurde, sadat de ôfwettering better wurdt. De bewenners fine dat de oplossing fierstente lang duorret.

Trefwurden: 
Easterwâlde wetter huzen focht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)