Subsydzjestop Anders Aktieven

12 maaie 2013 - 14:44

De gemeente Ljouwert besiket opnij om de subsydzje foar de stichting Anders Aktieven yn de Haniasteeg stil te setten. De stichting foar âlderen krijt no noch hast 10-tûzen euro yn it jier. Derfoar wurde aktiviteiten hâlden as biljert, bingo en kofjedrinken. Earder woene b. en w. de subsydzje ek al ris skrasse, mar dat waard keard troch de gemeenteried. No hat bliken dien dat der mar in ploechje fan 25 man by de stifting komt en dat fynt de gemeente te min.

De ried fan Ljouwert moat noch beslute as de subsydzje takom jier ophâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)