Ariëns lit titel oan Hadders

© awfoto.nl
Skeelerneur Crispijn Ariëns fan Wolvegea hat sneon by de fjirde etappe fan de KPN Inline Cup yn Beilen de winst litten oan syn ploechgenoat Rob Hadders. Ariëns demarrearre fuortendaliks nei it startskot. Hy waard troch it peloton weromhelle, mar ûntsnapte opnij tegearre mei Hadders. Ariëns, dy't trije dagen earder winner waard yn Steenwijk, gunde de titel yn de slotmeters oan syn ploechmaat, dy't noch nea earder op de heechste tree stie.
Manon Kamminga wûn mei oermacht by de froulju. Elma de Vries waard twadde.