Frou stichtet brân by eks

12 maaie 2013 - 13:29

In 42-jierrige frou fan It Hearrenfean is sneontenacht troch de plysje oanhâlden op fertinking fan brânstichting. Se soe brân stichte ha by de wenning fan har 45-jierrige eks-partner oan de Badwei op It Hearrenfean.

De frou hie earder op 'e jûn besocht by de man ferdôvjende middels te krijen, mar dat slagge net. Se waard lilk en makke brân by de foardoar fan it hûs. Ek bekraste se syn auto. De eks-partner fan de frou rekke ferwûne oan syn hân doe't hy it fjoer útmeitsje woe. Dat slagge úteinlik wol.

De frou is yn de rin fan de nacht yn har wenning oanhâlden en fêstsetten.

Trefwurden: 
plysje Hearrenfean brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)