Doarpstunen Tytsjerksteradiel

Túnkje
Yn elk doarp fan de gemeente Tytsjerksteradiel moat in doarpstún komme dêr't ynwenners Fryske grienten en fruit tele foar de lokale ferkeap. Dat is it plan fan GrienLinks yn de gemeente.
De partij wol mei de doarpstún banen kreëarje foar wurkleaze ynwenners fan Tytsjerksteradiel. Der is al in doarpstún yn Hurdegaryp, mar as it oan GrienLinks leit komt der yn alle doarpen fan Tytsjerksteradiel sa'n tún. It plan fan de partij wurdt ein maaie presintearre foar de ynwenners fan Hurdegaryp.