'Roei-alvestêdetocht swier'

12 maaie 2013 - 09:45

De lêste dielnimmers oan de roei-alvestêdetocht wiene pas sneontejûn om tsien oere binnen yn Ljouwert. Dat wie te let foar in alvestêdekrúske. Trije fan de 100 ploegen rêden it net op om de roei-alvestêdetocht binnen 24 oeren te roeien, de rest wie wol op tiid binnen.

De roei-alvestêdetocht is in jierlikse 24-oersrace lâns alle Fryske stêden. De hurde wyn fan sneon soarge net foar grutte problemen, mar makke de tocht wol folle swierder as oare jierren. De roeiferiening fan Assen wûn de tocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)